Heechwurker krekt te heech en sit fêst yn tunnel by Drachten

26 feb 2020 - 14:05

In bestjoerder fan in heechwurker hat woansdeitemiddei de hichte fan in tunnel op De Knobben yn Drachten ferkeard ynskatten en kaam mei in klap fêst te sitten. De bestjoerder is troch ambulânsepersoniel kontrolearre. De Knobben is folslein ôfsletten foar it ferkear.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder rekke licht ferwûne troch it ûngelok, mar it wie net nedich om nei it sikehûs te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)