PVV kritysk oer needopfang asylsikers yn Ljouwert

De PVV fynt it raar dat der in azc yn Ljouwert komt, wylst dy yn in soad oare plakken yn Nederlân slute, seit Max Aardema fan de PVV. "Ik hie graach wollen dat it ús foarlein wie, dan hiene wy dêr ek wat oer sizze kinnen. Yn ús programma stiet dat wy net foar it útwreidzjen fan azc's binne. Der binne ferskate azc's dy't nei de kontraktperioade slute fanwege oerlêst, en dêrom hie ik wol graach witte wollen watfoar azc hjir no komt en wat it foar de omjouwing betsjut."
Fraksjefoarsitter Max Aardema fan de PVV yn Provinsjale Steaten
De PVV yn de Provinsjale Steaten stelt fraachtekens by de komst fan in needopfang foar asylsikers yn Ljouwert. Fraksjefoarsitter Max Aardema brocht fragen nei foaren yn de gearkomste, ûnder oare nei de rol fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Max Aardema fan de PVV: "Ik bin folksfertsjintwurdiger foar alle Friezen yn de provinsje. Wy wiene fernuvere dat de provinsje yn oerlis mei it COA dy needopfang iepenje sil. Wy hawwe der as provinsje gjin foech oer, mar ik wit wol dat ús kommissaris fan de Kening yn syn funksje as rykshear dêr mooglik by belutsen hawwe soe."
Arno Brok is wol ynformearre oer de saak, al wie it fierder oan boargemaster Sybrand Buma.
Wy binne keazen troch de Friezen en wy hoege net op te kommen foar de belangen fan Syriërs en Eritreeërs.
Max Aardema, PVV
Steatssekretaris Broekers-Knol hat sein dat de lanlik noch 5.000 plakken nedich binne. Aardema: "Dêr tinke wy as PVV oars oer. Dy problematyk moat oars oplost wurde, bygelyks troch opfang yn de regio. En troch te soargjen dat der rappere prosedueren komme. Wy fine it tige ferfelend dat wy dêr as provinsje neat oer sizze kinne. Wy sitte noch net yn de gemeenteried fan Ljouwert as PVV. Ik hoopje mar dat der partijen binne dy't wol agearje en krityske fragen stelle. Wy binne keazen troch de Friezen en wy hoege net op te kommen foar de belangen fan Syriërs en Eritreeërs."
Aardema jout oan sels ûnderfining te hawwen mei de situaasje. "Ik wenje sels ticht by in azc, yn Drachten. Ik haw der dus wol wat ûnderfining mei, goeie en minder goeie. Ik wol net alles oer ien kaam helje, mar ik fyn wol dat wy fragen stelle meie hoe't it der no út komt te sjen en wat it betsjut foar de omjouwing."
Ferslachjouwer Andries Bakker en Max Aardema fan de PVV

"Beide kritisch, maar vanuit een ander onderbuikgevoel"

Femke Molenaar fan PAL GrienLinks yn Ljouwert stiet der wol wat oars yn as Aardema. "Wij staan allebei kritisch in deze situatie, maar wel vanuit een heel ander onderbuikgevoel. Aan de ene kant is het van de zotte dat landelijk beleid maakt dat er allerlei azc's gesloten worden in een tijd dat er verschrikkelijke humanitaire situaties spelen. En dan is er vervolgens een noodopvang nodig. Dat is heel vreemd. Maar ik benader het ook niet op de manier zoals Aardema dat doet."
Kritysk bliuwe is neffens Molenaar wol tûk. "Ik ben in 2015 actief geweest in het noodopvanggebeuren dat er toen was. Ik heb er wel veel dingen gezien en ervaren waarvan ik denk: het zal je maar overkomen. Ik hoop dat we nu vijf jaar later wel een aantal dingen anders gaan doen."
Op sosjale media sjocht Molenaar in stoartfloed oan reaksjes, wêrfan't der guon ek rasistysk binne: "Ik word daar heel verdrietig van. Mensen die ontevreden zijn schreeuwen moord en brand en halen dingen erbij. Ik zag in de groep 'Je bent een Liwwadder als...' iemand die zei: ondertussen kunnen pakes en beppes niet bij elkaar in het verzorgingstehuis. Dat mensen het coronavirus erbij halen daar kan ik me ergens nog iets bij voorstellen, hoe krom ook. Maar pakes en beppes in een verzorgingstehuis in één adem noemen met deze noodopvang, daar kan ik niet bij. Mensen begrijpen niet hoe zulke geldstromen werken, daar is educatie in nodig."
Femke Molenaar fan PAL GrienLinks
It WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Onno Falkena