Grutskalich plysje-ûndersyk mei drones nei misdriuw Koarnjum

26 feb 2020 - 12:39

De plysje docht folop ûndersyk nei de dea fan in 55-jierrige ynwenster fan Koarnjum. Har lichem waard sneintemoarn fûn yn in sleat oan De Wier flakby har hûs. De plysje tinkt dat de frou troch in misdriuw om it libben kommen is. Mei drones wurdt de omjouwing yn kaart brocht en de plysje is ek noch dwaande mei in buertûndersyk.

It doarp is noch altyd ferslein oer de dea fan Karin Grijpstra. "Jo skrikke hiel bot, soks ferwachtsje jo hjir net", seit Koarnjumer Dooitzen Swierstra. It jout in gefoel fan ûnfeiligens yn it oars rêstige doarp. Der is wol in buertprevinsje-app dêr de doarpsbewenners opfallende saken op melde kinne, mar dêr stiet net safolle op, seit Swierstra.

De plysje hat it team foar grutskalige opspoaring op de saak set. De saak kaam tiisdeitejûn ek oan de oarder yn it programma Opsporing Verzocht. De plysje komt woansdei yn de rin fan de dei mei in oersjoch oer wat der allegearre oan tips binnenkaam is, hoefolle tips oft se krige hawwe en hoefolle dêrfan oft brûkber binne.

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Dooitzen Swierstra út Koarnjum

(advertinsje)
(advertinsje)