Twa ferwûnen op A32 by Wolvegea

14 nov 2011 - 14:48

By in oanriding op de A32 by Wolvegea binne moandei twa minsken ferwûne rekke. It frachtauto en in auto kamen dêr mei-inoar yn botsing. De slachtoffers moasten der troch de brânwacht úthelle wurde. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs.

It ûngelok soarget foar opûnthâld foar ferkear dat rjochting Stienwyk wol. Der stiet yntusken in file fan sa'n fiif kilometer. Rykswettersteat is noch dwaande mei in oplossing foar dat ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok A32 frachtauto
(advertinsje)