"Brûken Fryske taal yn rjochtseal wurdt hieltyd better"

26 feb 2020 - 11:36

Deputearre Sietske Poepjes hat der alle betrouwen dat it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtseal hieltyd better wurdt. It is 'work in progress', sa sei Poepjes yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten nei fragen fan Forum voor Democratie.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie hie yn oktober 2019 fragen steld oer Frysk yn rjochtseal nei oanlieding fan de strafrjochtsaak fan Jenny Douwes. Sy tsjinne in offisjele klacht yn oer de krapte oan Fryske tolken by de rjochtbank.

Van Dijk fan Forum voor Democratie woe woansdeitemoarn witte oft de provinsje yn it ramt fan de Taalwet net mear ferantwurdlikens nimme moat om de rjochtspraak te ferplichtsjen altyd in Fryske tolk beskikber te hawwen. Poepjes seit dat de provinsje, it ryk en de rjochterlike macht altyd yn oerlis binne oer ferbetterings.

(advertinsje)
(advertinsje)