Acht Fryske soarchoanbieders sette mei-inoar yn op mear technology

26 feb 2020 - 11:27

Acht Fryske âlderein-organisaasjes sille gearwurkje op it gebiet fan soarchtechnology. It giet om Noorderbreedte, ZuidOostZorg, Zorggroep Alliade, Kwadrantgroep, Patyna, Mienskipssintrum Leppehiem, Valuas Zorggroep en Zorggroep Sint Maarten. Dizze soarch-oanbieders sille dwaande mei ferskate technologyen, lykas in spesjale heupairbag en in sinjalearringssysteem foar de kontininsjesoarch.

Foto: Anders werken in de zorg Fryslân

It gearwurkingsprogramma hjit 'Anders werken in de zorg Fryslân.' Der moat bygelyks ek saakkundigens ynskeakele wurde kinne mei help fan in Smart Glass. De gearwurking is opset yn neifolging fan ferskate inisjativen yn Brabân. It tal âlderein nimt ta en de soarch stiet hieltyd mear ûnder druk. Nije technologyen moatte de it soarchpersoniel stypje, sa't der yn deselde tiid mear âlderein holpen wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)