Wetterkearingen en wâlskanten Ryptsjerk opknapt troch Wetterskip Fryslân

26 feb 2020 - 11:02

Wetterskip Fryslân sil yn de twadde helte fan 2020 de wâlskanten en kearingen yn Ryptsjerk opknappe. Neffens it wetterskip moat in part fan de wetterkearingen ferbettere wurde om wer oan de easken te foldwaan. Sa kin wetteroerlêst yn Ryptsjerk foarkommen wurde.

De Ryptsjerksterfeart yn Ryptsjerk - Foto: Wikimedia Commons

Op 4 maart is der in ynformaasjegearkomste foar belanghawwers yn doarpshûs De Einekoer yn Ryptsjerk. Dêr sil it wetterskip ek de plannen presintearje.

(advertinsje)
(advertinsje)