Nije foarm fan natuertafersjoch

14 nov 2011 - 14:22

It tafersjoch op natuer en miljeu yn Fryslân stiet ûnder druk. Benammen de oankundige besunigings op natuerbehear binne in grutte bedriging. De Fryske Miljeufederaasje wol dêrom dat ferskate organisaasjes de krêften bondelje.

Troch grutte besuniging op natuer wurdt it tafersjoch ek minder. Ferline jier is bygelyks it spesjale streuperijteam fan de plysje al ophefd. As ferskate organisaasjes lykas it Fryske Gea, Sportfiskerij Fryslân en Steatsboskbehear de krêften bondelje, kin in ynhelslach makke wurde, bygelyks troch bettere ynset fan bûtengewoan opspoaringsamtners. De Fryske Miljeufederaasje wol de plysje ek by de plannen belûke. Doel is om takom jier te begjinnen mei de nije foarm fan tafersjoch.

(advertinsje)