Asylsikers jouwe seksuele foarljochting

Tritich asylsikers út Fryslân, Grinslân en Drinte wurde de kommende dagen oplaat om sûnensfoarljochting te jaan oan bewenners fan asylsikerssintra. It giet dan om saken as seksualiteit en relaasjes, antykonsepsje, húslik geweld en geslachtssykten.
It giet om in inisjatyf fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, de noardlike GGD'en, de GGZ en de ferslavingssoarch. Neffens harren is it grutte foardiel dat der gjin tolken mear nedich binne by sa'n foarm fan foarljochting.