Kulturele Haadstêd wurdt hele toer

14 nov 2011 - 12:34

It wurdt foar Ljouwert en Fryslân noch in hiele toer om yn 2018 kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. Konkurrinten Eindhoven en Maastricht hawwe mear jild en binne ek fierder mei ideeën

As Eindhoven yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wurdt, dan leit der 100 miljoen euro oan oerheidsjild klear. Ek hawwe de Brabanners sels al 700 ideeën by de organisaasje yntsjinne. Maastricht mikt foarearst op in budzjet fan 80 miljoen euro. Omdat de Dútse stêd Aken en de Belgyske stêden Hasselt en Luik ek meidogge, tinkt Maastricht in goeie kâns te meitsjen. De provinsje en de gemeente Ljouwert meitsje tiisdeidei har plannen oer de Kulturele Haadstêd 2018 bekend. Ek presintearje se dêr de útkomst fan in draachflakenkête. Omrop Fryslân publisearre al earder dat der fan de 9000 enkêteformulieren 750 werom kommen binne.

(advertinsje)