Botsing tusken auto en frachtwein yn Wolvegea

26 feb 2020 - 09:58

Op de krusing tusken de Oppers en de Grindwei yn Wolvegea is woansdeitemoarn in auto tsjin in frachtwein botst. In frou rekke by it ûngelok ferwûne en moast nei it sikehûs. Yn de auto siet ek in berntsje. Dat rekke net ferwûne.

Foto: ProNews

De frou kaam yn de auto fan de Grindwei ôf en sy klapte tsjin de sydkant fan de frachtwein oan. De auto hie grutte skea. Ambulânsepersoniel hat de frou kontrolearre en de plysje hat de dyk in skofke ôfsletten foar ûndersyk

(advertinsje)
(advertinsje)