WK shorttrack yn Seoul giet fanwegen coronafirus net troch

26 feb 2020 - 09:43

It WK Shorttrack dat fan 13 oant en mei 15 maart yn Seoul op de planning stie, giet fanwegen it coronafirus net troch. De ISU wit noch net oft it WK op in oare lokaasje of datum wol trochgean kin.

Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting - Foto: Orange Pictures

Yn Súd-Koreä binne yntusken 11 minsken ferstoarn oan it firus en der binne hast 900 besmettingen. De Nederlânske bûnscoach Jeroen Otter fynt it spitich dat it toernoai net troch giet, mar hy snapt de beslissing fan it reedrydbûn wol.

(advertinsje)
(advertinsje)