Kollum: "Ferkear"

26 feb 2020 - 08:47

"We seure hjir wolris, mar op 't heden is Fryslân hieltyd bot yn it lanlike nijs. Benammen op Radio 1, dat docht nammentlik fjouwer kear it oere ferkearsynformaasje. Der giet gjin dei foarby of Fryslân sit dêr yn. De A7. Somtiden de Dútske kant wat oer, en Purmerend is der ek wol by. Mar it meast tusken It Hearenfean en Grins.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Ik kom fan Drachten. Foar 1965 gie ik mei de hûn te kuierjen op it plak dêr't no dy A7 leit. Pake en beppe wennen yn Emmeloord. Hiel soms rieden wy dan op snein fan Drachten oer Beetstersweach, De Gordyk, Langsweagen, De Knipe, It Hearrenfean, binnentroch nei De Jouwer, dan oer Sint-Nyk nei Dunegea, Eastergea, dan troch De Lemmer, bûtenom oer Rutten, Creil en Espel nei Emmeloord. Twa, trije oeren ûnderweis. En we moasten dyselde dei ek noch wer werom.

Drachten-Emmeloord is no in heal oerke. De A7 wie earst in lege dyk, mar je kinne der no net mear mei de hûn lâns. Sels midden yn de nacht falt je op hoefolle ferkear der is op dy A7. Ien grutte brij oan auto's.

Neat gjin geseur fan my oer de diken hjirre. Dat leit der allegear moai hinne. Al docht no bliken dat as it te hurd reint je dan net fan de A6 ôf rjochting Snits kinne; in see fan wetter. En tusken De Jouwer en Grins sitte op de A7 sa'n dikke tsien op- en ôfritten. Dêr giet it mis. Want je moatte dêr ferweven wurde mei dy lânsridende brij. Ynbreidzje.

Net eltsenien kin dat likegoed. Boppedat soargje inoar ynheljende frachtweinen foar in soad lilkens. Dêrtroch en troch eigen dommens rydt sa'n 80 persint fan ús te hurd. Dan kin GrienLinks wol tinke dat soks oer is as aanst de 100 kilometer op de buordsjes stiet, ik leau der gjin bliksem fan. Se ride allegear fierstente hurd. Se bumperkleve omraak. Se hawwe allegear de telefoan oan it ear. De oarsaken fan ûngemakken binne dúdlik. Boppedat, wy Friezen kinne fansels alhiel net autoride. Der leit ek alle dagen wol in auto yn in feartsje lâns in binnendykje, wylst we hjir dochs amper oan karnaval dogge.

Dé oplossing dy't we yn Nederlân útfûn hawwe foar te folle ferkear, is nóch mear dyk oanlizze. Dat helpt. Even. Dan binne dy ek fol en moatte je wer. Sa wurdt it Griene Hert in asfaltfabryk en Fryslân moat fierder sûnder ljippen.

Ho, no net folle mear sizze. De noardlike bestjoerders en ûndernimmers, dy't har ferienige hawwe yn de Lelylijnlobby, hingje my no blommen om de nekke. Want se sizze dat ik no ymplisyt sis: lis dy spoarline fan Lelystad nei Bremen mar oan. Dat sis ik net. Want ferkear is foar in grut part in oerheidssaakje. En dy oerheid kin der, hjir yn Fryslân alteast, net folle fan.

De trein fan Starum nei Snits sit moarns ien kear oan de nok ta fol. Bern nei skoalle yn Snits. Fan Snits nei Ljouwert sit it ek grôtfol mei jongfolk, dat heger ûnderwiis yn Ljouwert folget. Ik haw ferhalen heard fan âldere minsken dy't it om it wurk wol mei dy trein kinne, mar gjin plak hawwe. Oplossing: minder treinen oerdei, langeren moarns en jûns. Se ha al útfûn dat de earste klas der wol út kin.

Dy âlderein hat likegoed noch in probleem. Je stean op in stasjon, en it reint en waait dat it rikket, wy hawwe hjir net oars. En je moatte trije kilometer fierder. Of nei Hallum. Mei de bus dus. Mar dy rydt amper.

En aanst noch minder. Dat seit it provinsjaal bestjoer. Dat rydt wolris efter in bus dêr't net ien yn sit. Dy bus krûpt stadich, want hy hoecht nearne mear te stopjen. En dan kin dy provinsiale bestjoerder der net del. Soademieterje op mei dy grutte bus, tinkt de deputearre. Mar se seit dat fermindering fan it busferfier in foarm fan effisjinsje is.

Witte jim wat folle effisjinter wêze soe? Werom nei lytsere buskes. Dy't ek noch wat faker ride. En oeral komme kinne. En regelje de frijwilligers dy't je brûke moatte net fan elts doarp út, sa't it in gaos is, mar regelje dat sintraal. As Fokkens effisjinter wol, regelje it dan ek. En as dat klear is, doch dan ek noch mar in trajektkontrôle op de A7."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)