'Lexicon Frisicum' tagonklik makke foar de lêzer fan hjoed-de-dei

26 feb 2020 - 07:08

In lytse 150 jier lyn skreau de bekende Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) de Lexicon Frisicum, in earste besykjen ta in wurdboek fan it eigentiidske Frysk. It wie noch net klear doe't hy ferstoar, mar syn boek yn it Latyn hat wol tige wichtich west foar de Fryske taal. Taalkundige Anne Dykstra fan Akkrum hat it boek no oerset, sa't it wichtige boek foar in gruttere groep minsken te lêzen is.

Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) - Foto: Wikimedia Commons

"Ik wie wurdboek-skriuwer by de Fryske Akademy. Dus dat hat wol myn belangstelling. En Halbertsma's boek wie it earste boek dat it eigentiidske Frysk beskreau, it Nij-Frysk. Ik bin der ek op promovearre", fertelt Anne Dykstra.

Halbertsma moast derop út

Dykstra leit út wêrom't it boek fan Halbertsma sa wichtich is. "Syn wurdboek wie it earste dat it eigentiidske Frysk fêstlein hat. Hy koe net oare boeken rieplachtsje en hy moast der dus ek op út. Hy wie dûmny yn Deventer. As hy by syn pleats wie yn Warkum dan gie hy der op út en frege hy de minsken fan alles. Hy gie ek nei bepaalde minsken mei spesjale beroppen, om der wurden by dy beroppen te learen. Dat wie ek wolris dreech. De minsken snapten ek net allegearre wêrom't hy dat allegearre woe. It wie somtiden in hiele toer."

"Yn taal siet neffens Halbertsma alles"

Halbertsma hie in soad belangstelling foar taal. "Yn taal siet neffens Halbertsma alles. Skiednis, kultuer, alles koene je der yn werom fine. Hy hat him ek mei it Mid-Nederlânsk dwaande holden en oare talen. Taal stie yn it sintrum fan syn belangstelling."

Hy skreau syn Lexicon Frisicum yn it Latyn. "It Latyn wie doe wat it Ingelsk fan no is: de taal foar de wittenskip. Hy skreau it boek benammen foar taalgelearden en oare wittenskippers, ek bûten Nederlân. It hie te krijen mei syn doelgroep."

It Latyn is wol dreech foar Dykstra. "Ik koe der wol in bytsje útkomme, mar as ik in klassikus der nei sjen liet wie it wol altyd wat oars. Ik haw ek help han fan Bouke Slofstra en Sybren Sybrandy. Ik haw der twa jier mei dwaande west. Dat wie de subsydzje-termyn fan de provinsje, op 1 jannewaris 2020 moast der in produkt lizze. It is in website, online by it Instituut voor de Nederlandse Taal."

Noch net klear

Woansdei is de presintaasje fan de oersetting oant no ta. Oant no ta, want: "It wurk is noch net klear, goed 60 persint is oerset yn it Frysk, 30 persint yn it Nederlânsk en 30 persint yn it Ingelsk. Aldergeloks binne der noch frijwilligers dy't trochsette. Salang as ik oersettingen krij, gean ik dermei troch. Mar it giet wol stadiger. Wat der is, sil ik woansdei oanbiede oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Der is ek in delegaasje fan de famylje Halbertsma. En der is ek ien fan it Nederlands Instituut voor de Nederlandse Taal."

Taalkundige Anne Dykstra fan Akkrum

(advertinsje)
(advertinsje)