Boargemaster Oosterman nei Biosintrum-moasje: "Dit hat wol in les west"

26 feb 2020 - 06:19

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat tiisdei wiidweidich reagearre op de moasje fan wantrouwen dy't troch D66 yntsjinne waard. It ferwyt wie dat de boargemaster fan it Biosintrum-projekt yn Easterwâlde in finansjeel debâkle makke hie. De moasje krige lykwols net genôch stipe. Oosterman: "Dit hat wol in les west. Troch it netwurk en it entûsjasme hawwe je it foarinoar krigen, mar as boargemaster bist wol mear kwetsber."

Foto: Gemeente Eaststellingwerf

"It is noait leuk om in moasje fan wantrouwen te krijen," sei boargemaster Oosterman. "Ik haw mar op ien punt reagearre: dat ik de ried ferkeard ynformearre hawwe soe op 6 febrewaris 2018. Dat is echt net it gefal. It wie ús net bekend dat der mear kosten of wurk folgje soene. Dus ik haw de ried net foarliigd."

Ekskús

Oosterman wol net te lang werom sjen. "Eins sei de hear Van Weperen dat wol goed, wy hawwe altyd tocht wy losse dy probleme wol op. En dat mei je ek ferwachtsje fan in bestjoer. Mar dat is net slagge. En dêr hiene wy de ried earder meinimme moatten yn ús oerwagingen. Dat hawwe wy neilitten en dêr haw ik myn ekskús foar oanbean. Ik bin wol bliid mei it feit dat de ried sein hat: litte wy foarút sjen. Dy stipe hawwe wy nedich foar it Biosintrum."

Kommunikaasje

It grutste probleem wie neffens him ek net de finânsjes, mar earder de kommunikaasje. "Je sette útein mei in tige grut projekt. Je hawwe ferwachtingen en dan kinne de kosten en oare dingen oars útpakke, dat heart by sa'n projekt. Om sa'n projekt binnen de begrutting te krijen is dreech. En dêr sit net iens it grutste probleem: it probleem foar de ried is de kommunikaasje."

"Ik hoop dat dit de lêste kear is," seit Oosterman. "It is gewoan net leuk. Fimke Hijlkema hat it projekt polityk sjoen oernaam. De útfiering komt úteinlik by it bestjoer fan in stichting terjochte, en net by de gemeente."

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf

De gemeenteried fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)