Earste klasse ferdwynt út treinen yn Fryslân en Grinslân: net mear nedich

26 feb 2020 - 06:15

Treinreizgers yn Fryslân en Grinslân kinne fan desimber ôf net mear teplak op earste klasse-stuollen. Arriva hellet dy lúksere plakken út alle treinstellen yn beide noardlike provinsjes. De twa provinsjes binne opdrachtjouwer fan Arriva en fine de earste klasse net mear nedich. Dat meldt RTV Noord.

Foto: Marten Nauta/RTV Noord

De earste klasse-kûpees ferdwine mei yngong fan 13 desimber. Dan giet it nije kontrakt tusken Arriva en de beide provinsjes yn. "Met de ingang van het nieuwe contract neemt de kwaliteit voor de reiziger toe", seit in wurdfierder fan de provinsje Grinslân. "Zo komen er usb-poorten bij de stoelen om je telefoon op te laten."

"Er komen ook klaptafels in de treinen", seit de wurdfierder. Dy klaptafels ha de Arriva-treinen no noch net. It moat it makliker meitsje om al reizgjend mei in laptop te wurkjen. "Al met al zijn er straks meer faciliteiten in de tweede klas dan nu. Daarom laten we de eerste klas vervallen."

Stuollen yn de earste klasse op it stuit - Foto: Marten Nauta/RTV Noord

Ofsletten stiltekûpees

Arriva seit yn in reaksje dat reizgers mei yngong fan desimber yn alle treinen 'overal met dezelfde hoogwaardige kwaliteit en voorzieningen' reizgje. "Dit is inclusief een afgesloten stiltecoupé", seit in wurdfierder. De stiltekûpees fan de Arriva-treinen fan no binne net ôfsletten, wêrtroch't lûd út de rest fan de trein noch goed te hearren is.

Dat der gjin earste klasse mear yn de trein is, is foar Nederlân frij unyk. Yn alle NS-treinen kinst reizgje yn de earste en twadde klasse. Ek yn de NS-treinen fan Fryslân nei Zwolle ta bliuwt in earste klasse, krekt as op alle trajekten fan Arriva yn bûten Fryslân en Grinslân.

Ien oare útsûndering

De iennige oare útsûndering is tusken Dordrecht en Geldermalsen. De treinen fan Qbuzz dêr ha ek allinnich in twadde klasse.

Yn de Arriva-treinen tusken Ljouwert en Harns Haven en tusken Ljouwert en Starum jildt al langer allinnich it twadde klasse-taryf. Yn dy treinen binne op it stuit wol earste klasse-kûpees, mar dêr hoechst net ekstra foar te beteljen.

Nije en ferboude treinen

Yn de achttjin nije treinen dy't Arriva oanskaft, komme allinnich twadde klasse-stuollen. Dy ride allinnich tusken Ljouwert en Grins. De treinen dy't Arriva op it stuit noch brûkt, wurde omboud: dêr komt de earste klasse net yn werom. As de ferbouwing fan de treinen yn desimber noch net klear is, dan kinst mei in twadde klasse-kaartsje yn de earste klasse sitte.

De nije Arriva-trein - Foto: Arriva

Der feroaret mear yn de nije en omboude treinen. Sa komt der mear reisynformaasje op de skermen yn de trein. De trije earstkommende stasjons wurde toand, krekt as de einbestimming, oankomsttiden en oanslutingen op oare treinen en bussen.

Omropstim krijt it drokker

De automatyske omropstim krijt it fan mids desimber ôf ek drokker. Net allinnich it kommende stasjon wurdt dan omroppen, mar ek alle oanslutingen. Foar fisueel beheinden wurdt boppedat omroppen oan hokker kant fan de trein de doarren iepen geane. De omropstim fertelt it ek as der fertragingen binne, krekt as de oarsaak fan dy fertraging en hoe lang't it opûnthâld duorret.

(advertinsje)
(advertinsje)