Undersikers fine mear swalkôffal yn de Waadsee as in jier lyn

Der is yn 2019 mear swalkôffal werom fûn yn de Waadsee as in jier dêrfoar. It giet dan benammen om plestik ôffal, dat foaral ôfkomstich is fan de MSC Zoe. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan Rykswettersteat troch Bureau Waardenburg en de Waddenunit fan it ministearje fan Lânbou en Natuer.
Undersikers fine mear swalkôffal yn de Waadsee
It ûndersyk is yn 2018 úteinsetten en ek yn 2019 útfierd. It is dien op plakken dêr't gewoanwei gjin minsken komme. Trije lokaasjes binne trije kear bemeunstere op swalkôfal: de Stienplaat tusken Teksel en Flylân, it eilantsje It Gryn en de Suderdúntsjes op it Grinzer Waad.
Op alle trije plakken is der mear ôffal fûn as in jier earder; benammen plestik ôffal. "Het was wel opvallend dat we meer tegenkwamen, maar dat was ook wel te verwachten na de ramp met de MSC Zoe", seit ûndersiker Elise Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg.
Benammen op de Suderdúntsjes tusken Rottumereach en Borkum lei in hiel soad troep, wylst dat yn 2018 noch it skjinste plak wie, om't it ferbean gebiet is foar minsken. Opfallend wie ek de fynst fan in soad paraffine.
De Stienplaat yn oktober 2018 © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Elisa Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg
Op de Stienplaat is gjin MSC Zoe-ôffal fûn, mar dat leit ek bûten it ferspriedingsgebiet dêrfan. Wylst der yn 2018 benammen in soad hout fûn waard op de Stienplaat, hie ek dêr yn 2019 it plestik ôffal de oerhân. It gie dêrby bygelyks om plûs, resten fan netten, mar ek ferpakkingsmateriaal.
It Gryn wie fierwei it meast fersmoarge plak. Dat wie it yn 2018 al, mar yn 2019 kaam dêr noch in bulte ôffal by fan de MSC Zoe, wêrûnder in hiel soad plestik kerrels. Ek is der by ien bemeunstering in hiel soad isolaasjeskom fûn fan in Harnzer bouplak en materiaal dat ûndersikers achterlitten ha.
Undersikers Arjen Dijkstra fan de Waddenunit en Elisa Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It ûndersyk wurdt dien om sicht te krijen op de boarnen fan it swalkôffal en op trends yn hoefolle en hokker soart ôffal yn it Waad te finen is. Nei twa jier ûndersyk is it no noch te betiid om antwurden te jaan op dy fragen. Mar wêr't de ûndersikers en de opdrachtjouwer net op rekkene hiene, wie it ferlies fan 342 konteners troch de MSC Zoe.
Troch it ûndersyk yn 2018 bestiet der no in goed byld fan de situaasje fan foar de kontenerramp en de resultaten kinne brûkt wurde as in saneamde 'nulmjitting'. Dat makket it makliker om sicht te krijen op wêr't it MSC Zoe ôffal bliuwt. Nei ferrin fan tiid waard der wol hieltyd minder fan dat ôffal fûn.