Fiif tips oer deade frou Koarnjum nei útstjoering Opsporing Verzocht

25 feb 2020 - 22:50

Der binne fiif tips binnenkaam oer de dea fan de 55-jierrige ynwenster fan Koarnjum, dy't nei alle gedachten troch in misdriuw om it libben kaam is. De saak waard tiisdeitejûn besprutsen yn it programma Opsporing Verzocht.

Foto: politie.nl

De plysje komt graach yn kontakt mei oare minsken dy't mooglik wat sjoen ha. Tsjûgen kinne harren by de plysje melde fia it telefoannûmer 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)