Riedsfraksjes Smellingerlân kritysk oer advys foar sakekolleezje

25 feb 2020 - 22:49

De riedsfraksjes fan Smellingerlân reagearje kritysk op it advys fan ferkenner Ton Baas om in sakekolleezje te foarmjen. CDA-fraksjefoarsitter Karin van der Velde neamde Baas syn foarstel sels "ûndemokratysk". Sy fynt dat de bestjoerskrisis yn de gemeente polityk oplost wurde moat en seit dat it CDA ree is om dêr in bydrage oan te leverjen.

"Baas hie earst op syk gean moatten nei in mearderheid yn de ried. Ik fyn dat hy dêrmei in hiel belangrike stap oerslein hat", seit Van der Velde. "As der in sakekolleezje komt, moat der in nij haadlineakkoart komme, der moat in sollitaasjekommisje komme en noch in sollisitaasjeproseduere. Ik leau net dat dat foar septimber klear wêze kin. Ik tink dat we mei dizze ried mei in mearderheidskolleezje folle diedkrêftiger oan de slach kind hiene."

D66 fynt dat der in kolleezje makke wurde moat mei in sa breed mooglike mearderheid, dy't him foaral dwaande hâldt mei it oplossen fan de wichtichste problemen yn Smellingerlân.

"Dy tiid hawwe we net"

De ChristenUnie seit in soad wurdearring te hawwen foar de analyze fan Baas, mar is ek gjin foarstanner fan in sakekolleezje. Neffens Baas soe der by it foarmjen fan in sakekolleezje de minste tiid ferlern gean. De ChristenUnie sjocht lykwols mear heil yn in polityk mearderheidskolleezje. "Wy sykje de feroaring benammen by de ried sels. De oanrin nei in sakekolleezje kin polityk gefoelich wêze en in soad diskusje opsmite, mar dy tiid hawwe we net."

ELP

De ELP (Eerste Lokale Partij) komt pas nije wike tiisdei yn de gemeenteried mei in stânpunt oer de advizen fan Baas. Fraksjefoarsitter Yntze de Vries wol der earst mei de gemeenteried oer debattearje.

Yn de eagen fan Baas kinne alle sittende wethâlders it bêste de eigen posysje opjaan. Oanslutend soe de ried it bêste op syk gean kinne nei nije wethâlders. De ELP is foarearst lykwols net fan doel om de twa eigen wethâlders út it sittende kolleezje werom te lûken.

Gjin inkelde partij liket it beslút fan ferkenner Baas te omearmjen. Op tiisdei 3 maart is der in ekstra riedsgearkomste oer de advizen fan Baas.

(advertinsje)
(advertinsje)