Bou 38 sosjale hierwenten Skoatterwâld úteinsetten

25 feb 2020 - 22:04

De bou fan 38 nije sosjale hierwenten yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean is úteinsetten. It wurde duorsume wenten mei sinnepanielen en waarmtepompen foar ûnder oare de ferwaarming fan wenten.

Foto: Frank Vink

De earste kontoeren fan de grûnwurksumens en it pleatsen fan de earste fundaminten fan de wenten is sichtber wurden. WoonFriesland ynvestearret goed 6 miljoen euro yn de nijbou fan de wenten.

(advertinsje)
(advertinsje)