Pornostjer Kim Holland op NHL Stenden: "Seksuele voorlichting is niet met z'n tijd meegegaan"

25 feb 2020 - 21:50

Pornoprodusinte en sekscoach Kim Holland joech tiisdeitemoarn seksuele foarljochting op hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert. Troch it enoarme oanbod fan porno op ynternet komme hieltyd mear jongeren op jonge leeftiid mei porno yn oanrekking. Holland gie by har foarljochting 'Kim licht voor' yn petear mei studinten oer tema's as seks en leafde, om dy ûnderwerpen besprekber te meitsjen ûnder jongeren.

Foto: Anton Kappers

Ut ûndersyk docht bliken dat ûngefear de helte fan de jongerein jonger as 18 jier yn it ôfrûne healjier seks hân hat. Wylst goed 80 persint fan de jonges en 30 persint fan de famkes yn dyselde perioade porno sjoen hat. "Jongeren zien porno al op hele jonge leeftijd en dat geeft ze toch een heel ander beeld", leit Holland út. "Zij zien het als iets waarvan ze iets kunnen leren of waar ze voorlichting uit kunnen halen. Maar dat is het dus niet."

Porno is net de realiteit

It wichtichste dat Holland de jongerein meijaan wol, is dat porno net de realiteit is. "Ik ben begonnen met het allerbelangrijkste: de allereerste stapjes in hun liefdesleven: de puberteit, verliefd worden, de eerste kus. Ik heb benadrukt dat als je op een goede manier daarmee de eerste stapjes kunt maken, dan krijg je veel meer zelfvertrouwen."

Jongere doelgroep

De foarljochting dy't Holland jout, is eins mear bedoeld foar jongere bern."Het is de bedoeling dat ik het ook voor het middelbare onderwijs ga doen, maar ik koos nu voor de hogeschool omdat ik graag feedback wil. Je wil horen of ze iets aan je verhaal hebben en of het op de juiste manier is gebracht." NHL Stenden frege Holland om foarljochting te jaan, om't dat net altyd like maklik is foar âlden en dosinten.

Foto: NHL Stenden Hogeschool

Porno kaam der tiisdei net oan te pas. Holland woe har mear rjochtsje op de foarljochtingkant. "Ik heb ze niet alleen de biologische kant van seks verteld, maar vooral ook de leuke, spannende kant." Sa joech se útlis oer it belang fan foarspul, it besprekken fan seksuele foarkarren en grinsoerkrusend gedrach.

Soad media-omtinken

Holland hat wol wat losmakke yn Nederlân en de media sitte der boppe-op. "Dat had ik niet verwacht. Je verwacht wel dat er media zullen zijn, maar dit is overweldigend. Maar dat geeft ook aan hoe serieus het wordt genomen." Ek fan âlden krige Holland positive reaksjes.

Holland is mei de foarljochting begûn om't se fynt de de hjoeddeistige foarljochting net mear fan dizze tiid is. "Ik ben 25 jaar geleden in de films begonnen om te laten zien dat vrouwen kunnen genieten van seks, maar nu is het tijd om een andere boodschap te brengen. De wereld is namelijk veranderd, maar de seksuele voorlichting is niet meegegaan met z'n tijd."

Kim Holland oer har seksuele foarljochting

(advertinsje)
(advertinsje)