COA bliid mei needopfang yn Ljouwert: "De nood is echt hoog"

25 feb 2020 - 21:22

It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) is bliid dat der in needopfanglokaasje foar 600 asylsikers komt yn it WTC Expo yn Ljouwert. De opfangorganisaasje soe op koarte termyn troch de frije plakken hinne wêze.

Milo Schoenmaker, foarsitter fan it COA:

It COA hat op hiel koarte termyn nije opfangplakken nedich, seit Milo Schoenmaker fan it COA. "De nood is echt hoog. Momenteel krijgen we honderd bewoners per week erbij. We zitten zodanig vol dat we nog twee- tot driehonderd plekken hebben in Nederland."

Dat der no in tekoart is, hat twa redens, neffens Schoenmaker. "Er zijn nieuwe vluchtelingenstromen. Dat zijn niet zulke grote stromen, maar ze zijn er wel. En we zien dat mensen om verschillende redenen langer bij het COA blijven, omdat hun asielaanvraag langer duurt of omdat ze langer moeten wachten op een woning, als ze een vergunning hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Vluchtelingenwerk is it tekoart oan plakken 'pure onkunde': "Dat het COA nu een noodopvang inricht, is pure onkunde. Het is een crisis die zelf door het kabinet is veroorzaakt."

Mooglik mear opfangplakken yn Fryslân

De COA hat kommende tiid noch 5.000 plakken nedich, en siket dêrneist ferfangende plakken foar lokaasjes dy't mooglik slute sille. "Dat is ook nog een behoorlijk aantal en die zouden we eigenlijk permanent willen vervangen, ook omdat we er vanaf willen dat we steeds opnieuw naar locaties zoeken en weer sluiten als de instroom weer wat minder wordt", fertelt Schoenmaker.

Ek sokke plakken komme mooglik yn Fryslân. "Alle commissarissen hebben het verzoek gekregen zogeheten provinciale regietafels te organiseren, daar zouden burgemeester aan moeten schuiven om te kijken hoe in die provincie het beste asielopvang georganiseerd kan worden. We hopen vanuit de provinciale regie te horen waar dat het beste gedaan kan worden."

Milo Schoenmaker fan it COA oer de opfang yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)