Fersleinens yn Koarnjum is grut: "Freeslik, dit binne we hjir net wend"

25 feb 2020 - 21:08

"Hjir gebeurt eins noait wat." De skrik wie grut by Jaap Keizer, foarsitter fan it doarpsbelang Jelsum-Koarnjum, nei't er hearde dat in ynwenner fan it doarp mooglik mei in misdriuw om it libben brocht is. "Freeslik, dit binne we hjir net wend."

Jaap Keizer, foarsitter fan it doarpsbelang Jelsum-Koarnjum:

Keizer hearde earst 'fia-fia' oer de dea fan Karin Grijpstra. "De tamtam giet dan hurd", seit er. "In kunde hie wat heard en dy frege my oft ik der mear fan wist. Earst net, dus begjinne je te ynformearjen. Stadichoan wurdt it plaatsje ynfolle."

It lichem fan Karin Grijpstra (55) waard sneintemoarn 23 febrewaris 2020 fûn yn in sleat lâns De Wier, flakby har hûs yn Koarnjum. De plysje tinkt dat Grijpstra troch in misdriuw om it libben kommen is.

It plak dêr't de frou fûn is, yn de sleat lâns De Wier yn Koarnjum - Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Mar wat der no krekt bard is, dat wit Keizer net. En dêr wol er ek net oer spekulearje. "Je kinne fermoedens ha, je fantasy giet op 'e rin. Mar alles is mooglik. De plysje seit ek dat se neat útslute. Dus dêr moatte we it earst mar by litte."

Wat er wol wit, is dat it der eins altyd sa gemoedlik oan ta giet yn syn doarp. "We fine fan alles út mei-inoar. We ha in hiel ryk ferieningslibben, ek om it doarpshûs hinne. It tsjerke, allegear fredich mei elkoar. In geweldige fuotbalklup, om mar in pear dingen te neamen. Je prate wolris tsjin elkoar oan, mar dêr bliuwt it by."

Hâld de eagen iepen.

In oprop fan Jaap Keizer oan syn doarpsgenoaten

Keizer ropt ynwenners fan Koarnjum en Jelsum op om WhatsApp Buurtpreventie te brûken. "Der dogge noch net in soad minsken oan mei. Ik ha sein: kom op minsken, doch deroan mei. En hâld de eagen iepen."

De famylje fan it slachtoffer hie it al net maklik en krijt no wer in klap. "We kenne de famylje", seit Keizer. "De famylje hat al hiel wat op 'e lea hân yn it ferline. In soan ferlern, de frou is der net mear, de man kampte mei in mankemint. En slimmer is der net, der is gjin slimmer ding as je bern ferlieze."

Plysjewurdfierster Tessel Horsman oer de dea fan Karin Grijpstra:

Trefwurden: 
Koarnjum misdriuw Jaap Keizer
(advertinsje)
(advertinsje)