Ferkenner Ton Baas: Smellingerlân moat kolleezje en bestjoerskultuer feroarje

25 feb 2020 - 20:44

Foar in stabyl en goed gemeentebestjoer kin Smellingerlân it bêste fierder mei in sakekolleezje. Dêrnjonken moat de gemeenteried aktyf oan de slach mei de bestjoerskultuer, want dy wurdt no dominearre troch wantrouwen en te min saakkundichheid. Neffens ferkenner Ton Baas moat de polityk fan Smellingerlân hiel gau 'oer it eigen skaad' hinne springe om it bestjoer fan de gemeente te ferbetterjen.

Ferkenner Ton Baas:

Baas wie troch boargemaster Rijpstra frege om te ûndersykjen hoe't it fierder moat mei it gemeentebestjoer doe't de PvdA fanwege skeel mei de ELP út it kolleezje mei ELP, VVD en GroenLinks/FNP stapte. Fierder bestjoere mei in minderheidskolleezje liket Baas net ferstannich, de sittende minderheid oanfolje mei in oare partij ek net en it formearjen fan in folslein nij kolleezje ek net.

Bûnte hûn

Yn de eagen fan Baas kinne alle sittende wethâlders it bêste de eigen posysje opjaan. Oanslutend soe de ried it bêste op syk gean kinne nei nije wethâlders, dy't útsocht wurde moatte soene op basis fan kwaliteit. Drastyske maatregels binne neffens Baas nedich om foar te kommen dat der "weer heel veel tijd" ferlern giet yn Smellingerlân.

De gemeente moat boppedat om har posysje tinke, warskôge Baas. "Smallingerland was altijd de tweede gemeente van Fryslân, een gemeente met ambitie, de diamant van het noorden. Inmiddels staat Smallingerland bekend als de bonte hond. Denk om uw zaak!"

Eigen funksjonearjen beskôgje

De gemeenteried docht der neffens Baas ferstannich oan om it eigen funksjonearjen op syn minst ien kear yn it fearnsjier te beskôgjen ûnder lieding fan in ûnôfhinklik foarsitter. De riedsleden moatte neffens Baas kritysk sjen nei it eigen hâlden en dragen en ek nei't hoe't se mei-inoar omgeane.

Yn Fryslân binne gjin oare gemeenten mei in sakekolleezje. De iennichste gemeente dy't earder in sakekolleezje hie, wie Boarnsterhim yn de lêste jierren foar de weryndieling. Boargemaster fan Boarnsterhim wie doe Ton Baas, mar neffens de ferkenner fan Smellingerlân hâldt dêrmei de oerienkomst op.

De gemeenteried fan Smellingerlân sil de einrapportaazje en oanbefellings fan ferkenner Baas beprate op in ekstra riedsgearkomste op 3 maart.

(advertinsje)
(advertinsje)