Vluchtelingenwerk: needopfang yn Ljouwert is "pure onkunde" fan it kabinet

25 feb 2020 - 19:23

De nije needopfang foar asylsikers yn Ljouwert is in "brevet van onvermogen van dit kabinet". Dat seit de organisaasje Vluchtelingenwerk. Sy warskôgen der twa jier lyn foar dat der wer needopfang nedich wêze soe as de problemen by de IND, de tsjinst Yntegraasje en Naturalisaasje, net gau oplest wêze soene. "Door grote achterstanden bij de IND wachten al bijna 9.000 asielzoekers in de opvang op de start van hun asielprocedure."

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tiisdei waard bekend dat Ljouwert in romte yn it WTC Expo tydlik beskikber stelt foar seishûndert asylsikers. Vluchtelingenwerk is bliid mei de gastfrijheid fan Ljouwert, mar hat dus krityk op it kabinet. "Opvang in noodopvanglocaties als deze is een laatste redmiddel in tijden van crisis. Noodopvang is de meest uitgeklede vorm van opvang. Mensen slapen hutje mutje in stapelbedden naast elkaar in een grote hal met honderden anderen. Ze hebben geen privacy."

Dat het COA nu een noodopvang inricht, is pure onkunde.

Abdeluheb Choho, direkteur fan Vluchtelingenwerk Nederland

Abdeluheb Choho is direkteur fan Vluchtelingenwerk Nederland. Hy hat gjin goed wurd oer foar it kabinet. "Dat het COA nu een noodopvang inricht, is pure onkunde. Het is een crisis die zelf door het kabinet is veroorzaakt. Dit kabinet heeft geen controle meer over de uitvoering van het asielbeleid."

Al earder oan de bel lutsen

Vluchtelingenwerk wiist derop dat sy yn 2018 oan de bel lutsen dat needopfang wer nedich wêze soe as de wachttiden net koarter wurde soene. It hat te krijen mei de besunigingen by de IND, want it tal asylsikers is al twa jier stabyl.

"Mensen hebben in eerste instantie rust nodig", seit Choho. "Zij hebben vaak een lange reis achter de rug en hebben vaak vreselijke gebeurtenissen te verwerken. Om mensen dan in een evenementenhal te zetten waar ze niets om handen hebben, is onmenselijk. Twee jaar geleden viel deze maatregel nog enigszins te begrijpen. Toen was het overmacht, nu is het pure onkunde."

Sa koart mooglik

Vluchtelingenwerk wol sa gau as mooglik in team fan meiwurkers en frijwilligers ree ha om asylsikers te begelieden as de needopfang iepen is. Wat Choho oanbelanget, moat de needopfang gjin dei langer duorje as needsaaklik. "En we gaan er scherp op letten dat er geen kwetsbare asielzoekers terechtkomen. Ondertussen moet de staatssecretaris stoppen met veranderingen in het asielproces en alles op alles zetten om de wachttijden terug te dringen."

Boargemaster Buma fan Ljouwert oer de needopfang:

Trefwurden: 
Ljouwert flechtlingen AZC
(advertinsje)
(advertinsje)