PVV stelt fragen oer sâltsoerútsjit ôffaloven REC

25 feb 2020 - 19:01

De PVV stelt krityske fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de útstjit fan sâltsoer fan de REC yn Harns. Yn maaie 2019 fluite de Raad van State de REC en de provinsje werom, nei't bekend makke waard dat de ôffaloven mear sâltsoer útstjitten hie as de fergunning taliet.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Stichting Afvaloven Nee hie yn in earder stadium al oan de bel lutsen. Yn in reaksje op de útspraak fan de RvS stelde deputearre Douwe Hoogland dat de REC Harns oant 1 jannewaris 2020 de tiid krige om de útsjit fan sâltsoer te ferminderjen. Oant no ta hat it kolleezje fan Deputearre Steaten dêr noch gjin dúdlikheid oer jûn.

Lek yn 'e tsjettel

Neffens fraksjefoarsitter Max Aardema komme de fragen net samar út de loft fallen, om't de REC koartlyn noch in wykein stillein hat fanwege in lek yn 'e tsjettel. By dizze proseduere waarden hegere gehalten fersmoarge stoffen metten.

Neffens ôffalferwurker Omrin wie der troch in geunstige súdeastlike wyn beheinde oerlêst yn de omjouwing. "De storing en de verklaring van de Omrin bewijst maar weer dat er met een nog meer kritischer oog gekeken moet worden naar de uitstoot van de afvaloven", seit Aardema

Trefwurden: 
Harns REC PVV sâltsoerútsjit
(advertinsje)
(advertinsje)