Frontale botsing tusken twa auto's op It Hearrenfean

Op de Industrieweg op It Hearrenfean binne tiisdeitemiddei twa auto's frontaal op elkoar botst. Ien fan de auto's bedarre krekt net yn 'e sleat lâns de dyk. Oft der ferwûnen binne, is noch net bekend.
Ferskate ambulânses wiene oproppen om help te bieden. De dyk is tydlik ôfsletten foar it ferkear. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.