Reinbôgeflagge foar VV Drachtster Boys: "Fuotbal is foar eltsenien"

25 feb 2020 - 18:19

It bart noch te faak dat homoseksuele jongeren sportklubs ferlitte om't se har net feilich fiele. Neffens belange-organisaasje COC Fryslan soe it dêrom in goede saak wêze dat alle ferienings in reinbôgeflagge wapperje litte by de klup. VV Drachtster Boys, Sportbedrijf Drachten, COC Friesland, Tûmba en de KNVB kamen dêrom tiisdeitemiddei tegearre foar it oerlangjen fan de reinbôgeflagge oan VV Drachtster Boys.

VV Drachtster Boys wol de akseptaasje fan diversiteit yn it fuotbal wykliks kenber meitsje troch de reinbôgeflagge te hisen. "Drachtster Boys wil op deze manier krachtig en helder laten zien dat iedereen, ongeacht geaardheid, ras, kleur, culturele achtergrond of wat dan ook van harte welkom is. Wij willen een veilige omgeving bieden voor iedereen. Drachtster Boys is van en voor iedereen", fertelt foarsitter Gijs Lokhorst.

(advertinsje)
(advertinsje)