Ferleging maksimumsnelheid hat gjin gefolgen foar ambulânsesoarch

Friezen hoege net benaud te wêzen: it ferleegjen fan de maksimumsnelheid oerdeis foar ambulânses hat gjin ynfloed op de ambulânsesoarch yn Fryslân. Dat seit de oerkoepeljende organisaasje RAV Fryslân. Fan 16 maart 2020 ôf wurdt de snelheid op sneldiken yn ús lân oerdeis ferlege fan 130 nei 100 kilometer de oere.
Maksimumsnelheid ambulânses giet omleech
It is ien fan de maatregels dy't it kabinet naam hat om de stikstofkrisis te liif te gean. Dêrtroch giet ek de maksimumsnelheid fan de ambulânses omleech. Sy meie neffens rjochtlinen dy't de ambulânsebrânsj sels opsteld hat mar 40 kilometer de oere hurder ride as it oare ferkear. Dat bestjut dat dy maksimumsnelheid oerdeis fan 170 nei 140 giet.
100 kilometer maksimumsnelheid © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens Sietze Kijlstra fan RAV Fryslân hat de ferleging fan de maksimumsnelheid gjin gefolgen. Dat komt trochdat de dekking yn Fryslân oars is as gewoanwei. Der binne hjir minder sneldiken as yn it westen fan it lân en der binne mear ambulânseposten. Der binne alle dagen 39 ambulânses beskikber, ferspraat oer 23 posten. "Dêrtroch tinke wy dat ús oanrydtiden net feroarje sille", seit Kijlstra.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Neffens rydynstrukteur en ambulânsesjauffeur Jeroen van der Gulik fan Kijlstra Ambulancezorg is it ek mar better dat der rjochtlinen binne en de ambulânse net hurder mei. "Als dat verschil groter wordt, neemt het gevaar voor zowel het andere wegverkeer als voor de chauffeur alleen maar toe."
Dochs sil it ek foar sjauffeurs wenne wêze, tinkt Sietze Kijlstra. "Fansels, de sjauffeurs en ferpleechkundigen binne helpferlieners en dy wolle sa fluch mooglik nei it plak ta dêr't se wêze moatte. Se sille it dus wol ferfelend fine dat se net hurder ride kinne, mar se ha genôch oplieding hân. Se binne professionals en witte dus wêr dy rjochtlinen foar binne."

Oanrydtiden yn de gaten hâlde

Ek de oare ambulânsesoarchorganisaasje yn Fryslân, UMCG, foarsjocht foarearst gjin problemen: "Wij streven ernaar om bij een spoedrit altijd binnen 15 minuten ter plaatse te zijn", sa stelt wurdfierder Japke Grit.
Neffens UMCG Ambulancezorg binne der yn Fryslân net in soad sneldiken en spilet de ferleging fan de maksimumsnelheid oerdeis dus gjin grutte rol. Dochs sille se wol yn de gaten hâlde oft der wat feroaret. "We monitoren altijd onze aanrijdtijden en we gaan wel kijken of er gevolgen zijn", sa seit Grit.
Sietze Kijlstra © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Twa minuten stadiger

Ek Kijlstra Ambulancezorg sil ûndersikje oft de snelheidsferleging konsekwinsjes hat. Neffens in rekkenmodel fan Omrop Fryslân sil in spoedrit tusken sikehûs MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins yn de nije sitewaasje 2 minuten langer duorje.
"Ik denk dat het in de praktijk niet veel gaat uitmaken wat betreft de aanrijdtijden," seit Jeroen van der Gulik. "De keren dat je echt de 170 aantikt, komen niet vaak voor en meestal is het voor de patiënt fijner om langzamer te rijden. Het belangrijkste op de snelweg is dat je kunt doorrijden en welke snelheid daarbij hoort is minder belangrijk."