Fryske Apoterkersferiening oer mûlkapkes tsjin coronafirus: "As it losbarst, ha we hjir te min"

25 feb 2020 - 17:48

Ynternasjonaal liket der in run te wêzen op mûlkapkes fanwege it coronafirus. Op it ynternet binne se hast al net mear te finen. Neffens Jouke de Jong fan de Fryske Apotekersferiening falt dat yn Fryslân lykwols allegear noch wol ta.

Foto: ANP

Jouke de Jong fan de Fryske Apotekersferiening

Neffens De Jong rint it yn Fryslân noch net sa stoarm. "De fraach is net sa grut, mar it oanbod ek net. Dus dat komt no noch goed út. Mar as it coronafirus ek hjir útbrekt, sille der net genôch mûlkapkes wêze", seit De Jong.

No binne der ferskate soarten mûlkapkes en net elke soart sil beskermje tsjin it firus. "Op telefyzje sjocht benammen de sjirurgyske mûlkapkes. Dy binne sa tin, dy jouwe gjin beskerming. Dy binne noch wol oeral te krijen, mar dat is skynfeiligens. De echte maskers hawwe in filter deryn. Dy slute better oan op it gesicht en jouwe wol beskerming tsjin it firus."

P2-masker

Mar dy 'P2-maskers' silst net by de boumerk fine. "Dy binne folle djoerder, sa'n fiif euro it stik. Kinst se ek mar fjouwer oant acht oeren brûke en dan moatst it fernije. Dus dat rint behoarlik op. Mar dy binne hjir net mear te krijen."

De Jong bliuwt lykwols nochter. "Je moatte net tefolle yn panyk reitsje. Mar we folgje it wol elke dei." It firus is al opdûkt yn Italië, Spanje en Eastenryk. "Dat is wol soarchlik. Mar it firus is noch net yn Nederlân en it RIVM is goed taret hjirop. Oant dy tiid moatte we gewoan rêstich bliuwe."

(advertinsje)
(advertinsje)