De Rouwe: "Opstelling premier Rutte yn Brussel is risiko foar de provinsje"

Premier Mark Rutte moat by de ûnderhannelingen yn Brussel oer de Europeeske begrutting better tinke oan it belang fan de Nederlânske provinsjes. Dat seit deputearre Sander de Rouwe. De ûnderhannelingen oer de Europeeske mearjierrebegrutting mislearren it ôfrûne wykein.
Deputearre Sander de Rouwe:
De Rouwe: Opstelling premier Mark Rutte yn Brussel is in risiko foar de provinsje
Rutte stelde him yn Brussel bysûnder sunich op, as oanfierder fan de 'fjouwer frekken': Denemarken, Eastenryk. Nederlân en Sweden. Rutte wol dat Nederlân op syn meast 1 persint fan de Ryksbegrutting oan de Europeeske Uny betellet. Hy wol dêrfoar stevich besunigje op lânbou en de Europeeske regionale fûnsen.
De Europeeske kommisje wol dat de lidsteaten 1,11 persint fan de begrutting ôfdrage oan de Europeeske Uny, ek om finansjele romte te meitsjen foar de Europeeske Green Deal. In soad lannen yn Súd- en East-Europa wolle de bydrage oan Europa wol ferheegje, mar foar 'frek Rutte' wie dat ûnbesprekber.

Ek sjen nei opbringsten

Neffens deputearre De Rouwe moat Rutte net allinnich sjen nei wat de Europeeske Uny kostet, mar ek nei de opbringsten. Yn de nije beliedsbrief Fryslân en Europa hawwe Deputearre Steaten besifere dat Fryslân de kommende sân jier wol 130 miljoen euro út Europeeske regionale fûnsen helje kin, as dêr net te bot op besunige wurdt.
De Rouwe fynt dat Rutte yn Brussel goed om de belangen fan de provinsjes tinke moat © Omrop Fryslân
Fryslân wol dat jild foaral ynsette foar projekten op it mêd fan sirkulêre ekonomy, wettertechnology en natuerynklusive lânbou. De ôfrûne jierren hat yn Fryslân benammen it midden- en lytsbedriuw stevich profitearre fan Europeeske subsydzjes.

Risiko foar provinsjes

Neffens De Rouwe is de opstelling fan it Nederlânske regear yn Brussel in risiko foar provinsjes as Fryslân. "Ik snap dat Rutte sunich wêze wol, mar it risiko 'pennywise en poundfoolish' leit op 'e loer." De Rouwe soe graach sjen dat it kabinet by fierdere ûnderhannelingen oparbeidet mei de provinsjes.
"It regionaal ekonomysk belied wurdt útfierd troch de Europeeske Uny yn gearwurking mei de provinsjes. Den Haag hoecht dêr net folle mear oan te dwaan." Provinsjes, ynstellingen, mar ek bedriuwen yn de regio sille it bot fernimme as de mooglikheden foar Europeeske stipe fuortfalle of folle lytser wurde, seit De Rouwe.
Deputearre Sander de Rouwe oer de opstelling fan Mark Rutte yn Brussel