Plysje siket tsjûgen fan mishanneling yn Noardwâlde

25 feb 2020 - 17:11

Twa manlju hawwe moandeitejûn yn Noardwâlde in 17-jierrige jonge mishannele. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle. Hy hat noch gjin oanjefte dien.

Foto: Plysje

De mishanneling barde om 8.00 oere jûns hinne yn 'e buert fan 't Buurthuus, dêr't ek in basisskoalle stiet. It terrein fan de skoalle is in bekend hingplak foar de jongerein en om't der al faker ynsidinten west hawwe, hat de gemeente dêr kamera's pleatst.

De plysje hat yntusken al tsjûgen heard en is op syk nei noch mear tsjûgen.

(advertinsje)
(advertinsje)