Ljouwert kriget needopfang foar seishûndert asylsikers yn WTC Expo

25 feb 2020 - 16:43

Der komt in needopfanglokaasje foar asylsikers yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke op it Ljouwerter stedhûs. De needopfang moat plak biede oan maksimaal seishûndert minsken en komt yn de Friezenhal.

De tydlike opfang yn it WTC Expo moat op 18 maart iepene wurde en rint oant úterlik 1 oktober 2020. "In principe komen hier mensen die net in Nederland zijn", seit boargemaster Buma fan Ljouwert. "Het kan ook zijn dat mensen komen van bestaande opvanglocaties. Maar het zijn in principe nieuw binnengekomen vluchtelingen. Het kunnen in elk geval geen mensen zijn uit landen waarvan je meteen weet dat ze teruggaan, die blijven in Ter Apel. Ook mensen die overlast geven, komen naar andere plekken."

It COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, kaam dizze moanne mei it fersyk by de gemeente Ljouwert. Ien fan de wichtichste redenen is dat it COA net genôch hat foar de 28.000 flechtlingen yn Nederlân. Dêrom kaam it COA by Ljouwert út, omdat dêr alris earder in tydlik opfangsintrum sitten hat. "We hebben meteen naar de haalbaarheid gekeken en naar de ervaringen van 2015", seit Buma.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De ûnderfiningen fan doe wiene goed, neffens de boargemaster. "Er zijn eigenlijk nauwelijks incidenten geweest. Ook nu bleek het mogelijk. We hebben het er ook met de politie over gehad of het qua capaciteit en beveiliging haalbaar is. Er zijn goede afspraken gemaakt met het COA. Mocht er meer capaciteit nodig zijn, dan staan ze er ook voor open."

Earder ek opfang

Earder hat der dus oan de Heliconwei ek in needopfang west. Dêr wie doe plak foar 370 flechtlingen. Yn 'e simmer fan 2016 gie Heliconstate ticht, omdat de ynstream fan flechtlingen hiel leech wie. Der soe letter dat jier ek romte komme foar flechtlingen oan de Snekertrekwei yn Ljouwert, mar dat wie finansjeel net helber.

De gemeente Ljouwert spruts yn 2016 de ambysje út om plak te jaan oan in asylsikerssintrum. Dat woe it COA ek graach.

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(advertinsje)
(advertinsje)