Boargemaster Gebben slút wenning Hurdegaryp fanwegen himp

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel hat freed 21 febrewaris in wenning sletten oan De Sinderhoven yn Hurdegaryp. De wenning is foar in perioade fan trije moannen sletten fanwegen it oantreffen fan in himpkwekerij.
© Pixabay
De plysje trof goed 300 wietplanten mei byhearrende apparatuer oan yn it gebou. Dêrneist foldie de elektrisiteitsynstallaasje net en wie de wenning net brânfeilich.