Ljouwerter riedslid Selo Boxman net werom yn de gemeenteried

25 feb 2020 - 16:38

It Ljouwerter riedslid Selo Boxman (Lijst058) komt net werom yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se leit mei 1 maart har funksje del en jout ek har sit op.

Selo Boxman - Foto: eigen foto

Boxman wie sûnt 2018 riedslid foar Lijst058. Se waard royearre om't se yn in ferklearring ûnder oaren boargemaster beskuldige hie fan it achterhâlden fan ynformaasje. Sy hie as riedslid ynformaasje trochjûn oan in bedriuw dêr't de gemeente mei yn in juridyske proseduere siet. Doe't dat bekend waard, stelde boargemaster Buma in yntegriteitsûndersyk nei har yn. Dêr kaam út dat Boxman de ynformaasje net trochjûn mochten hie.

Foar't de saak behannele wurde soe yn de gemeenteried, liet Boxman in ferklearring nei de griffy, mei de fraach oft dy foarlêzen wurde kinne soe. Dy ferklearring soarge foar in soad opskuor, om't Boxman dêryn ferskate beskuldigingen die oan it adres foar de boargemaster Buma en de griffy. Se easke dat der in yntegriteitsûndersyk dien wurde soe nei harren.

Partijleas riedslid

Boxman gie fierder as partijleas riedslid, mar sûnt de simmer wie se hast net mear oanwêzich by gearkomsten. De reden dy't Boxman foar har opstappen jout, is dat se ferhûzje sil nei in plak bûten de gemeente en dêrom net mear wurkje kin as riedslid in Ljouwert. Fraksjelieder Otto van der Galiën fan Lijst058 is bliid dat Boxman har sit opjout. "It is fansels allegear hiel ferfelend rûn, mar wy binne bliid dat wy no ús sit wer weromkrije."

Richard van Gelderen

Wa't de frijkommen sit ynfolje sil, is noch net bekend. "Der binne meardere opsjes. Wy witte dit sels noch mar krekt dus wy moatte no sa gau as mooglik mei inoar om tafel." Ien fan de opsjes is Richard van Gelderen, hy stie op nûmer fiif by de gemeenteriedsferkiezingen en krige in soad foarkarstimmen. Lijst 058 hat twa sitten yn de ried.

(advertinsje)
(advertinsje)