Fyftjin moanne sel foar mishanneling freondinne

25 feb 2020 - 16:19

In 39-jierrige man út Bakkefean moat 15 moanne de sel yn, omdat hy syn freondinne meardere kearen mishannele. Boppedat hat hy har opsletten yn de krûpromte fan syn hûs.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De straf fan de rjochter foel tiisdei leger út as de eask fan it Iepenbier Ministearje. Dy woe 18 moanne sel. De Bakkefeanster wie ûnder betingst frij nei in eardere feroardieling foar húslik geweld.

Facebook Messenger

Syn freondinne skeakele fia Facebook Messenger de help fan har sus yn nei in mishanneling. De plysje trof har doe oan yn de krûpromte, hielendal yn shock. De Bakkefeanster sei dat hy har ferstoppe hie om foar te kommen dat de plysje har ferwûnings sjen soe. Hy wie benaud foar in nije finzenisstraf.

De man hat yn behanneling west foar syn problemen, mar is ek in kear fuortrûn út in klinyk. Neffens de rjochter hat hy no genôch kânsen hân. Neist de selstraf moat de Bakkefeanster 2000 euro smertejild jaan oan de frou.

Trefwurden: 
Ljouwert rjochtsaak Bakkefean
(advertinsje)
(advertinsje)