Ljouwerter frijsprutsen fan bekladzjen plysje-auto mei ferve

25 feb 2020 - 15:38

De rjochtbank hat tiisdei in 30-jierrige Ljouwerter frijsprutsen fan it fersmoargjen fan in plysje-auto mei blauwe ferve. Dat barde yn oktober 2018. De man wurdt wol feroardiele foar it bekladzjen fan in pân oan it Noardvliet, ek mei blauwe ferve.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte waard yn de nacht fan 28 oktober 2018 oppakt. Aginten dy't harren auto nei in melding yn de Willem Loréstrjitte parkearre hiene, ûntdutsen doe't se weromkamen by harren auto dat de auto bekladde wie mei ferve. Op de beide doarren siet blauwe ferve en op de motorkap wiene de letters 'BS' ferve. De fertochte koe flakby oppakt wurde; hy hie blauwe ferve op syn hannen en skuon.

De man bekende foar de plysjerjochter dat er op in gebou oan it Noardvliet de wurden 'Fight Kings 058' skreaun hie en de letters 'BS'. Hy ûntkende lykwols dat er de plysje-auto bekladde hie.

Om't der gjin tsjûgen wiene, koe net oantoand wurde dat de man echt skuldich is oan it bekladzjen fan de plysje-auto en waard er fan dat delikt frijsprutsen. De Ljouwerter moat wol de kosten foar it oerfervjen fan de muorre betelje: 500 euro. Fierder krige er in selstraf fan 14 dagen ûnder betingst.

(advertinsje)
(advertinsje)