Kearslûzen bliuwe ticht troch stoarmwaar

25 feb 2020 - 15:14

De kearslûzen yn de provinsje bliuwe troch stoarmwaar langer ticht. Dat meldt Provinsjale Wettersteat. De slûzen soene wer iepen, mar dat giet op 'e nij net troch.

Foto: Omrop Fryslân

It giet om de kearslûzen by Goaiïngaryp en Broek, de Jouster slûs en de kearslûs Lange Sleat. De slûzen bliuwe sletten oant de provinsje mei nije berjochtjouwing komt.

Trefwurden: 
waar kearslûzen
(advertinsje)
(advertinsje)