Iepenbier Ministearje: taksysjauffeur hat skuld oan deadlik ûngelok

It Iepenbier Ministearje fynt dat in 60-jierige taksysjauffeur fan Bontebok skuldich is oan it deariden fan in frou fan Lippenhuzen. De botsing barde yn novimber 2017 op 't Kiemke op De Gordyk. De man ried te hurd en botste op de auto fan de 56-jierrige frou. De frou ferstoar op it plak sels oan har ferwûnings. De offisier fan justysje easket in wurkstraf fan hûndert oeren en in rydûntsizzing fan acht moannen ûnder betingst.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens berekkeningen fan de plysje ried de taksy 60 kilometer de oere en fersnelde de sjauffeur flak foar de botsing nei 65 kilometer de oere. Op dat plak mei maksimaal 30 kilometer de oere riden wurde. Dat wist de fertochte net, hy seit dat it buordsje dêr't de maksimumsnelheid op oanjoen wurdt, ferstoppe siet efter it plaknammeboerd fan De Gordyk.
De taksysjauffeur seit dat hy de auto fan de frou nea sjoen hat. De frou kaam fan in útrit fan in túnsintrum. Sy moat ûngefear tsien kilometer de oere riden ha en moast de taksy foarrang jaan.
De saak waard yn maaie ferline jier oanholden om't de rjochtbank mear ynformaasje ha woe oer de snelheid fan beide auto's.
It NFI (Nederlands Forensisch Instituut) oardiele dat de konklúzjes fan de plysje betrouber wiene. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.