Consumentenbond: Jumbo djoerder yn Fryslân

25 feb 2020 - 14:59

Supermerk Jumbo is yn Fryslân djoerder as yn in soad oare provinsjes. Dat blykt út ûndersyk fan de Consumentenbond nei de prizen fan 150 ferskate A-merken by trettjin supermerkketens yn it hiele lân.

Foto: Omrop Fryslân

De lokaasje spilet dêrby ek mei, stelt it bûn. As der net in soad supermerken yn de omjouwing binne, lizze prizen faak heger. Yn Fryslân soene dêrtroch in soad djoere Jumbo's wêze. Dat is ek it gefal yn de provinsjes Grinslân en Seelân.

De slogan fan Jumbo is 'gegarandeerd de laagste prijs'. Mar neffens de Consumentenbond blykt dat klanten by Jumbo by 44 persint fan de winkels yn ús lân just mear as it gemiddelde betelje moatte foar in A-merk.

Jumbo seit op har webside dat de 'laagsteprijsgarantie' allinnich jildt yn plakken dêr't neist de Jumbo ek oare supermerken of drogisterijen binne.

Trefwurden: 
ûndersyk Jumbo supermerk
(advertinsje)
(advertinsje)