Deadlik ûngelok op It Amelân: 21-jierrige Hollumer oanriden troch kraanauto

25 feb 2020 - 14:54

By in ferkearsûngelok op It Amelân is tiisdeitemiddei in man fan 21 jier út Hollum om it libben kommen. It slachtoffer waard oan de Fabriekswei yn Hollum oanriden troch in kraanauto. It slachtoffer ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Foto: ANP

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok plakfine koe. Se moatte noch útsykje oft it slachtoffer op de Fabriekswei rûn of fytste. Se freegje tsjûgen om har te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)