Lúkse ferlinge Audi fan ûndernimmer Romke Kooyenga stiet te keap

25 feb 2020 - 14:29

In kuolkast, multymediaskermen en djoere learen beklaaiïng. Dat binne mar inkelde fan de tsientallen lúkse opsjes dy't je krije by de eardere auto fan ûndernimmer Romke Kooyenga. Hy hat syn bysûndere Audi A8, dêr't hy foar syn wurk mei reizge, te keap set. De priis: in lytse 75.000 euro eksklusyf btw.

It is net samar in Audi A8, mar in bysûndere ferlinge útfiering, dêr't der mar twa fan binne. Ek kening Willem-Alexander rydt yn sa'n bysûndere A8.

Trochseage

"Wy hawwe dizze auto yn 2013 bouwe litten yn opdracht fan Romke Kooyenga", fertelt Eeltje Talstra fan it autobedriuw yn Drachten, dêr't de Audi stiet. "In bedriuw út Lisse hat in tekening makke. Wy hawwe in A8 út it fabryk besteld en dêrnei letterlik leechhelle, troch midden seage en wer yn elkoar set."

Romke Kooyenga bestelde de auto yn 2013, om't hy foar syn wurk in soad reizgje moast tusken Fryslân en België. Der kin ek yn de auto wurke wurde oan in klaptafel, sjoen wurde nei in multymediaskerm en slept wurde op de lúkse stuollen.

"Do sitst hjir echt as in kening", fertelt Talstra. "Do kinst hjir ûnderút lizze en suver sliepe!"

Sykte fan broer

Dat Kooyenga de auto te keap set, hat in tryste reden. "Us klant hat der goed sân jier yn riden. Omdat syn broer en sjauffeur no slim siik is, hat hy de auto te keap set. Hy woe net mei in oare sjauffeur yn dizze auto ride."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn de garaazje yn Drachten

En oer de priis, sa'n 75.000 euro? Talstra: "Wy hawwe al in soad belangstelling. Wy ferwachtsje de auto op koarte termyn ferkeapje te kinnen."

Foar de autoleafhawwers: de spesjale Audi A8 komt út 2013 en rydt op disel. De auto hat 420.598 kilometers op 'e teller en wurdt automatysk oandreaun. Under de motorkape leit in 4.2 liter TDI quattro-motor, dy't maksimaal sa'n 351 pk leverje kin. De auto is wol swier. Wa't de auto keapet, betellet mear as twahûndert euro de moanne oan wegebelesting.

(advertinsje)
(advertinsje)