Thomas Overal wennet yn Italië en fernimt gefolgen fan coronafirus

25 feb 2020 - 14:25

Thomas Overal is kameraman by Omrop Fryslân mar wennet yn Italië. Hy wennet yn Tuscania, in oere boppe Rome. Dêr fernimt hy wol de gefolgen fan it coronafirus. Yn it radioprogramma No yn Fryslân fertelt er der oer.

Foto: ANP

"Yn prinsipe binne der hjirre noch gjin problemen, mar de minsken binne wol alert. Ta it panikerige ta, somtiden", leit Thomas út. "De minsken begjinne mei hamsterjen fan iten út de supermerken."

Skoalle ticht

Thomas syn soantsje giet fansels ek nei skoalle yn Italië. "In skjinmakster hat oan it karnavallen west yn Venetië en doe ha se gelyk de hiele skoalle ticht smiten. Elkenien stie mei de bern foar de doar en koe der net yn. Doe koene we wer nei hûs ta."

De minsken dogge ek frijwillich testen. "Ynwenners gean graach nei it sikehûs om harren kontrolearje te litten. De regearing hat in mail nei de befolking stjoerd mei ynformaasje oer it firus en stappen dy'tst folgje kist", fertelt er.

Thomas Overal oer de gefolgen fan it coronafirus yn Italië

Trefwurden: 
Italië coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)