Plysje: deade frou (55) yn Koarnjum wierskynlik om it libben kaam troch misdriuw

25 feb 2020 - 14:00

De frou dy't yn it wetter oan De Wier yn Koarnjum fûn is, is neffens de plysje nei alle gedachten om it libben kaam troch in misdriuw. De 55-jierrige frou wie in ynwenster fan Koarnjum. Har lichem waard op snein om 9.00 oere hinne fûn.

De plysje lit witte dat de frou nei alle gedachten noch let bûten wie om de hûn út te litten. De plysje hâldt der rekken mei dat sy doe troch in misdriuw om it libben kaam is. It giet om Karin Grijpstra.

Yn oerlis mei de famylje is op tiisdei de namme en foto fan it slachtoffer ferspraat. "We hopen dat getuigen zich wat meer betrokken voelen en dat ze zich gaan melden", fertelt Tessel Horsman fan de plysje Noard-Nederlân.

Foto: politie.nl

Der is troch de plysje yntusken in 'Team Grootschalige Opsporing' (TGO) opset. "Dat is een team dat echt speciaal op deze zaak werkt. Daarin zitten mensen met verschillende disciplines en zij werken samen om er zo snel mogelijk achter te komen hoe mevrouw Grijpstra is overleden", leit Horsman út.

De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't op jûntiid of yn de iere moarn wat sjoen hawwe. Tiisdei wurdt der yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht (NPO1, 20.30 oere) ek oandacht jûn oan it ûndersyk.

Tessel Horsman fan de plysje Noard-Nederlân

Foarsitter Jaap Keizer fan Doarpsbelang Koarnjum oer wat it mei it doarp docht

Trefwurden: 
plysje Koarnjum frou misdriuw
(advertinsje)
(advertinsje)