Marit Bouwmeester klimt nei twadde plak op WK

25 feb 2020 - 13:58

Sylster Marit Bouwmeester is op it WK yn de klasse Laser Radial nei it twadde plak klommen yn de tuskenstân. De olympysk kampioene út Warten wûn yn it Australyske Melbourne de race op de tredde wedstriiddei.

Marit Bouwmeester op it WK yn Melbourne - Foto: Jon West Photography

Troch rein en te min wyn koene de sylsters mar ien fan de twa wedstriden ôfwurkje. Bouwmeester wie bliid mei har winst. "It wie in goede race, mei in goede start. Ik koe de lieding hâlde oant en mei de finish." Yn de striid om de wrâldtitel klom sy in plakje.

De Deenske Anne-Marie Rindom giet oan kop. It ferskil mei Bouwmeester is ien punt. Mirthe Akkerman út Akkrum hie in minne dei; sy sakke nei it 48e plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen WK
(advertinsje)
(advertinsje)