Fryske filmbylden ferwurke yn oarlochskanon foar skoallejeugd

25 feb 2020 - 13:05

Spesjaal foar de skoallejeugd hat it Fries Film Archief in kanon makke fan filmkes út de Twadde Wrâldoarloch. Oan de hân fan it byld wurdt it ferhaal sjen litten fan Fryslân yn de oarloch. Der is in Nederlânske en in Fryske ferzje, en it projekt is bedoeld foar bern út groep 7-8 en de ûnderbou fan de middelbere skoalle. It giet om in projekt fan it Fries Verzetsmuseum en it Fries Film Archief.

"Wy woene mei Fryske filmbylden fan benammen amateurs in byld jaan fan de oarloch. Fan 1939 mei de mobilisaasje oant de befrijingsdagen. Je sjogge bylden dy't it deistich libben fêstlizze, mar ek ekstreme foarfallen," leit Syds Wiersma fan it Fries Film Archief út. "It is in kombinaasje fan byld en ferhaal, efter de bylden sitte ferhalen en de bylden sels sille ek wer ferhalen losmeitsje. Dat ferwachtsje ik. Of dat bern dernei freegje yn harren famyljes, hoe't dy de oarloch eartiids meimakke hawwe."

Deistich libben en heftige drama's

Wiersma: "It deistich libben gie troch, dat bewize de bylden ek: minsken lizze bygelyks lekker yn 'e sinne. Mar tagelyk wiene der ek de heftige dingen dy't him bûten it sicht ôfspile hawwe. Dat moat ûnthâlden wurde. Yn it gewoane libben kinne dingen barre dy't ferskuorrend binne."

In folslein byld kin noait jûn wurde, dat wit men ek by it argyf wol. "It filmbyldmateriaal dat oerbleaun is, is fansels mar in fraksje fan wat der bard is. Mar it jout dochs in goed byld fan de oarloch. In filmer hat de 20 fusillearre mannen yn Dokkum filme, hoe't dy manlju kiste binne. Sa'n ferhaal is hast net te leauwen. Mar ek it Saailân mei Seyss-Inquart dy't in Hitlergroet bringt en eltsenien dy't meidocht. Dat binne allegearre aspekten dy't ûnderdiel binne fan it ferhaal dat wy trochfertelle moatte."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma en Syds Wiersma fan it Fries Film Archief

(advertinsje)
(advertinsje)