Faunapasaazjes yn Fochtelerfean oanpakt: mar is it in oplossing?

25 feb 2020 - 13:07

Yn 2019 binne der mear as 160 slangen deariden yn it Fochtelerfean. Dêrom binne der no faunapassaazjes opknapt, dêr't in soad gatten yn sieten. Mar is it wol in oplossing fan it probleem fan deade slangen op de dyk? In moasje fan it CDA en GrienLinks om de dyk troch it natuergebiet ôf te sluten krige yn oktober gjin mearderheid yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf.

De slangen soene op de dyk lizzen gean om't it asfalt yn de simmer lekker waarm is. Dêrom wol Natuurmonumenten eins dat de dyk ticht giet. De gemeente is eigener fan de dyk. Der wurde in soad slangen deariden, bygelyks njirren, ringslangen en glêde slangen. Dunning soe dêrom ek it leafst sjen dat de dyk ôfsletten wurdt.

Boskwachter: "Dit is gjin ultime oplossing"

Boskwachter Marjan Dunning is wiis mei de passaazjes, mar hat wol kanttekeningen: "Wij zijn erg blij dat de slangen van veiliger kunnen oversteken, maar het is geen ultieme oplossing. Vooralsnog is het zo dat er een barrière is tussen links en rechts. Ook niet alle amfibieën kunnen door zo'n faunapassage. En het water is er ook niet met elkaar door verbonden. Het is een weg van 4-5 kilometer, aan beide zijden is een groot scherm geplaatst met op zeven locaties een faunapassage onder de weg door."

It Fochtelerfean - Foto: Shutterstock.com (Olha Rohulya)

Dat freget in soad ûnderhâld, neffens Dunning. "Het betekent nogal wat kilometers onderhoud aan zo'n faunascherm, dat veel tijd vraagt en veel kost. Voor de gemeente betekent het dat de weg goed droog moet blijven. Er ligt een sloot naast om de weg af te wateren en er zit een behoorlijk onderhoud op een weg die op zo'n dijk ligt met water aan beide zijden. Uiteindelijk is het zo dat die situatie niet het meest ideaal is voor slangen en kikkers. Er zijn nog steeds slangen die een weg omhoog vinden."

"Nog niet volledig afgeketst"

Ferskate politike partijen wiene net foar it ôfsluten fan de dyk troch it natuergebiet. Under oare Ooststellingwerfs Belang stimde tsjin as grutste partij. Binnen Ooststellingwerfs Belang wien der twivels oer it tal deade slangen. "Toen is er gezegd dat men eerst de boel beter in kaart moet brengen. De wethouder moet nu met een reactie komen en een voorstel, en dan moeten we kijken wat de beste opties zijn. Dus volledig afgeketst is het niet, dat is wat te kort door de bocht."

Ofsluting koe ek mei kraanfûgels

Dunning seit fierder: "Natuurmonumenten is in gesprek met de gemeente Ooststellingwerf als eigenaar van de weg. Kan er niet een andere optie komen voor het gemotoriseerd verkeer? Een wandelaar ziet een slang wel liggen, maar met een auto is het een heel ander verhaal. Een tijdelijke oplossing zou ook wenselijk zijn: dat we voor nood de weg tijdelijk af kunnen sluiten voor gemotoriseerd verkeer. Afgelopen najaar hebben we de weg ook een poosje afgesloten voor jonge kraanvogels, die succesvol konden oversteken."

Marjan Dunning, boskwachter fan it Fochtelerfean

(advertinsje)
(advertinsje)