Fergees waarmtescans no ek yn Smellingerlân mooglik

25 feb 2020 - 12:12

Nei gemeente Hearrenfean biedt ek gemeente Smellingerlân harren ynwenners fergees in waarmtescan oan. Troch it meitsjen fan sa'n scan krigest mear ynsicht fan wêr't de waarmte út dyn hûs weilekt en wêr't it sinfol is om it ekstra te isolearjen. In bettere isolaasje kin de moanlikse enerzjykosten ferleegje.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente stelt waarmtebyldkamera's beskikber. Der wurde ek twa kamera's fia de biblioteek oanbean, foar Android en iPhone. Leden fan de biblioteek kinne dizze kamera's in wike lang liene foar it scannen fan harren wenning.

De waarmtescans wurde oanbean troch de wykried en doarpsbelangen dy't de kamera's yn brûklien krije. Oant no ta hawwe der sân doarpen en wiken mei oan de gong west.

Giele gebieten

De kamera's binne maklik te brûken mei in telefoan of tablet. Mei in app en in lyts opsetstikje datst op de telefoan of tablet klikst, jout it apparaat oan wêr't de waarmte út 'e hûs lekt. Yn de app ljochtsje de gebieten giel op dêr't in soad waarmte it hûs ferlit.

De gemeente Smellingerlân hat ferline jier 300.000 euro fan it Ryk krigen om wenningeigeners te stypjen mei enerzjybesparjende maatregels. De kommende moannen sil de gemeente meardere aksjes dwaan om hûseigeners te stimulearjen en advisearjen op it gebiet fan enerzjybesparring.

(advertinsje)
(advertinsje)