Ek yn Opsterlân wurde nêstkastkes ynsetten tsjin ikeprosesjerûpen

25 feb 2020 - 11:28

Ek gemeente Opsterlân stelt nêstkastkes beskikber tsjin de ikeprosesjerûp. De gemeente wol 200 kastkes ynsette om mear blok- en blaumiezen oan te lûken. Dy fûgels frette de rûpen op. Earder waard al bekend dat yn Achtkarspelen nêstkastkes útdield wurde troch de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Freed sil it bedriuw Maatwurk Ondersteuning fan De Gordyk it earste kastke jaan oan wethâlder Libbe de Vries. Dit bedriuw sil alle nêstkastkes meitsje. De wethâlder jout de hokjes oan natuerferieningen Bakkefean en Geaflecht. Dizze ferieningen hingje de kastkes op en hâlde yn de gaten wat der op ôf komt.

(advertinsje)
(advertinsje)