Kollum: "Peste is in pest"

25 feb 2020 - 08:17

"Mei lijen en muoite ha ik it filmke útsjoen. De strôt siet my ticht en de lilkens wie sa grut dat it bloed my yn de earen rûze. Ik ha it oer de opname dy't Yarraka Bayles makke hie fan Quaden, har soantsje fan 9 jier. Dy siet te gûlen en frege syn mem om in tou, dat er himsels ophingje koe, om in mes om himsels dea te stekken. Hy woe net mear libje. As heit, as man en as minske bruts my it hert nei it sjen fan dy fideo.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Quaden hat achondroplasia, in groeifersteuring dêr't er altyd lyts troch bliuwe sil. Mei dy dwerchgroei wurdt er dus alle dagen narre. Ofrûne wike dielde syn mem de realiteit fan dat oanhâldende pesten. Dêr siet in jonkje dat gjin kant mear út koe, dy't al sûnt syn sechsde ferskate kearen besocht hie om himsels tekoart te dwaan.

Yarraka Bayles hie de wanhoop fan har soantsje filme om't se net mear wist wat se dwaan moast. Omdat se it gefoel hie dat se faalde as mem. Omdat se woe dat de bûtenwrâld seach wat de pesterijen mei Quaden en har famylje diene. Dy gefolgen wiene hertferskuorrend.

Peste is in foarm fan agresje dy't plakfynt yn in machtsrelaasje, wêrby't de pestkop mear macht hat as dyjinge dy't it bokje is. It hat ek in funksje, nammentlik om status te krijen yn in groep. Om't der mar in pear plakjes oan 'e top binne, moat der dus om status fochten wurde. En peste is in manier om oerwicht te demonstrearjen. Wy sjogge it ek op de aperots. Dêr peste de aapkes inoar oan ien tried wei om sjen te litten wa't de baas is. Dêr soest út konkludearje kinne dat peste natuerlik gedrach is. Wat net sizze wol dat wy it dan mar tolerearje moatte.

Dat is ek net oan 'e oarder. Der is is yn Nederlân in Dei tsjin it pesten, in Wike tsjin it pesten, skoallen ha in pestprotokol, der binne treningen en spesjale programma's. Dy wurkje lykwols net: de statistiken fan pestgedrach litte gjin positive feroaring sjen. Yn de maatskiplike diskusje dy't sa no en dan oplôget, slagget it net om slachtoffers te beskermjen en dieders oan te pakken. Tim, Anass en Fleur binne mar in pear nammen fan jongerein dy't harsels net sa lang lyn tekoart dien ha nei oanlieding fan pesterij, digitaal of op strjitte.

Peste is in spegel fan de beskaving. It pesten ûnder jongerein seit wat oer de wrâld fan de folwoeksenen. Yn in lân, stêd, doarp, wyk of skoalle binne it de folwoeksenen dy't de toan sette. Sy, wy, bepale de noarmen en de wearden dêr't jongerein mei libje en opgroeie. Sa besjoen is pesten in probleem fan ús allegear. De hiele maatskippij sil feroarje moatte as it pesten ûnder bern ophâlde sil. Dat is gjin lytse opjefte. Folwoeksenen dy't inoar net mear nei ûnderen ta wâdzje út eangst, frustraasje, lilkens of berekkening.

Soks klinkt as in utopy. En dat is it ek. Mar as wy it yn alle gefallen net besykje, sille der altyd Quadens bliuwe."

(advertinsje)
(advertinsje)